Sollisitaasjedei op NHL

10 okt 2003 - 00:00

Hoewol't de kaartebakken by it arbeids- buro fol binne, sykje benammen grutte bedriuwen noch geskikt personiel. It giet dan foaral om hegere funksjes. Om hast ôfstudearre ekonomystudinten te learen hoe't je op dizze funksjes sollisitearje moatte, organisearre de NHL freed in sollisitaasjedei.

90 studinten hiene in sollisitaasje- brief nei 13 dielnimmende bedriuwen skreaun. Ek waarden sabeare sollisitaasjepetearen holden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)