Bou museum Belvédère begûn

10 okt 2003 - 00:00

De bou fan it Frysk museum foar moderne keunst is freed offisjeel úteinset yn Oranjewâld mei it slaan fan de earste peal. It is it libbenswurk fan keunstkenner Thom Mercuur dat hjir nei jierren krewearjen komme sil.

It museum wurdt ynbêde yn in museumpark dat foarme wurdt troch it bûten fan prinsesse Albertine Agnes út 1676. It krijt de oarspronklike barokke struktuer werom. De kosten foar museum Belvédère bedrage 2,8 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)