Sintra foar útprosedearren

© Omrop Fryslân
De feriening fan Fryske gemeenten is bliid mei it plan fan minster Verdonk om útprosedearre asylsikers tenei ûnder te bringen yn saneamde 'vertrekcentra'. De feriening hie der al in skoft op oantrúnd by it Ryk om wat te dwaan oan de situaasje fan minsken dy't út de opfang set wurde.
De soarch foar dy minsken komt no faak noch del op de skouders fan gemeenten, mar dy fine dat de ferantwurdlikheid by it Ryk leit.