Wylde efterfolging troch Fryslân

© Omrop Fryslân
Nei in wylde efterfolging troch Ljouwert, Hurdegaryp en Feanwâlden hat de plysje tongersdeitenacht in man fan 32 jier oanholden. De fertochte naaide yn Ljouwert mei hege snelheid út nei in stopteken fan de plysje.
Fia Hurdegaryp en Feanwâlden koe de man yn Kollumersweach oan de kant set wurde. Underweis besocht de fertochte twa kear in plysje-auto fan de dyk te riden. Op it buro die bliken dat de man cocaïne by him hie.