Wâldwei sneon ticht foar ferkear

© Omrop Fryslân
De Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert is sneon fan healwei njoggenen moarns oant healwei sânen jûns ôfsletten foar it ferkear. Rykswettersteat sil dan oan 'e slach mei ûnderhâlds- wurksumheden.
Ferkear út Drachten wurdt omlaat fia Burgum en Hurdegaryp. Minsken dy't fan Ljouwert nei Drachten wolle, sille oer It Hearrenfean ride moatte.