Problemen oer 30-km-sônes

09 okt 2003 - 00:00

De provinsje wol in ein meitjse oan de problemen om de 30 kilometersônes yn wiken en doarpen. De plysje hat it faak net oan tiid te kontrolearjen en wol dat de gemeenten sels aksje ûndernimme troch obstakels te pleatsen. Gemeenten lykwols ha dêr gjin jild foar.

Om oan alle ûndúdlikheid in ein te meitsjen, sil de provinsje útsykje hoe't it krekt sit mei dy ferantwurdlikheid, sadat it oplost wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)