NOM fynt útstel breedbân spitich

© Omrop Fryslân
NOM-wurdfierder Ed van der Beek fynt it tige spitich dat de trije noardlike provinsjes it beslút om breedbân oan te lizzen op it plattelân útsteld hawwe. De provinsjes ha it beslút útsteld fanwege juridyske tûkelteammen. Se wolle dêrom earst in foarstúdzje en sille pas oer in pear moanne in definityf beslút nimme.
Neffens Van der Beek sitte in soad ûndernimmers yn lytse doarpen 'te springen' om flugger ynternet.