Schatzenburg faaks wer ferkocht

09 okt 2003 - 00:00

De kâns wurdt hieltyd grutter dat rekreaasjesintrum Schatzenburg by Menaam yn oare hannen oergean sil. De eigner Van Booma seit dat hy te folle dwersbongele wurdt troch de gemeente Menameradiel.

Van Booma wol graach nije steankaravans op it terrein delsette, mar dat mei net fan de gemeente. Van Booma sjocht it no net mear sitten, benammen om't er der in soad jild by ynsjit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)