Earste peal nij gebou Vitens

09 okt 2003 - 00:00

Yn Ljouwert hat boargemaster De Boer tongersdei de earste peal slein fan it modernste en grutste wetterlaboratorium fan Nederlân. Eigner is wetterliedings- bedriuw Vitens. Healwei 2005 sille hjir sa'n 100 minsken komme te wurkjen. Vitens hat mei-elkoar trije drinkwetterlaboratoria yn Nederlân.

Mei it wetterkennissintrum dat by Van Hall komt, wurdt Ljouwert no mear en mear in wetterstêd. Dat is goed foar de útstrieling, neffens De Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)