Wrak Assi Eurolink sil fersinke

09 okt 2003 - 00:00

It wrak fan de Assi Eurolink dat sa'n 75 kilometer boppe Skylge leit, wurdt fersonken yn de grûn. Dat hat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat besletten. De stookoalje wurdt no út it skip helle om foar te kommen dat der skea oan it miljeu ûntstiet.

Earst soe it wrak út see helle wurde, mar dat is te djoer. No bliuwt it lizzen. It sân wurdt derûnder weihelle, sadat it skip foar in part yn de grûn sakket. De kosten binne foar de eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)