Ekstra banen by Philips Drachten

09 okt 2003 - 00:00

Philips yn Drachten krijt 150 ekstra banen troch de komst fan it kennis- sintrum fan de festiging yn Hoogeveen. It kennissintrum wurdt oerpleatst fanwege sluting fan it fabryk yn Hoogeveen. Dêr ferdwine dan 200 banen.

It oerpleatsen betsjut in fersterking foar de Drachtster festiging. Okkerdeis waard bekend dat by it elektronika- konsern yn Drachten 180 banen ferlern geane troch it oerpleatsen fan de produksje fan skearapparaten nei Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)