Skeel aptekers en sikefûns

© Omrop Fryslân
De kâns dat Friesland Zorgverzekeraar en de aptekers yn Fryslân it noch iens wurde oer it jaan fan goedkeape medisinen is nihil. Tongersdei stiene beide partijen foar elkoar oer foar de rjochtbank yn Ljouwert.
De Friesland fynt dat aptekers standerd de goedkeapste cholesterol-ferlegers foarskriuwe moatte. De aptekers fine dy net foar elkenien geskikt en wolle sels bepale wat se foarskriuwe. Oer 14 dagen folget de útspraak.