Fjouwer jier foar ferkrêfting

09 okt 2003 - 00:00

De rjochter hat tongersdei fjouwer jier selstraf en TBS mei twangferpleging easke tsjin in man (24) fan It Hearrenfean. Hy wurdt derfan fertocht ferline jier in ynwenster fan It Hearrenfean ferkrêfte te hawwen. Hy hat dêr slim geweld by brûkt. Yn 1999 soe de man itselde besocht hawwe by in oare ynwenster fan It Hearrenfean.

De Hearrenfeaner waard earder ek al feroardield foar seksuele misdriuwen. De útspraak is oer fjirtjin dagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)