SNN wol breedbân op plattelân
Fryslân, Grinslân en Drinte wolle de lytse doarpen oanslute op breedbân ynternet. De provinsjes tinke dat dit in ynvestearring freget fan tusken de 6 en 12 miljoen euro. Om te sjen hoe't dit it bêste dien wurde kin sil SNN - it gearwurkingsferbân fan 'e provinsjes - in ekstern buro in foarstúdzje dwaan litte.
De provinsjes wolle ein dit jier in definityf beslút nimmen. Yn Fryslân ha 200 doarpen noch gjin breedbân.