Septictank te djoer

© Omrop Fryslân
Bewenners fan it bûtengebiet yn Dongeradiel hawwe gjin belangstelling foar 'e ferbettere septictank fan 'e gemeente. Yn it bûtengebiet is in septictank ferplichte. De gemeente hie in tal ynformaasjegearkomsten belein oer in spesjaal eksimplaar.
Fan 'e 800 húshâldens hawwe harren mar 25 minsken oanmeld foar oanskaf fan dy septictank. Neffens de FNP komt dat benammen troch de eigen bydrage fan goed 2000 euro.