Winst sealfuotbal Hearrenfean

09 okt 2003 - 00:00

De sealfuotballers fan Hearrenfean hawwe woansdei mei 6-3 wûn fan ZVU'95 út Utert. Troch de winst hat Hearrenfean syn kopposysje yn 'e earste divyzje fan it sealfuotbaljen fierder ferstevigje kinnen.

Hearrenfean is nei seis wedstriden de grutske koprinner, mei fiif winstpartijen en ien lykspul. Der waard dit seizoen oant no ta noch net ferlern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)