C1000 Frijheidswyk ticht

08 okt 2003 - 00:00

De C1000 supermerk yn de Ljouwerter Frijheidswyk slút de doarren. Nei ferskate ynsidinten, lykas in stekpartij yn de winkel trije wiken ferlyn, is it tal klanten bot werom rûn.

Boppedat wiene der al minder klanten troch de sloop fan in grut tal wenten de ôfrûne jierren. De 28 wurknimmers krije dien. In part fan har kin nei alle gedachten yn in oar filiaal oan it wurk. De winkel slút 26 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)