Minder omset foar hoareka

08 okt 2003 - 00:00

De omset fan de hoareka is weromrûn. Oer it earste healjier wie de omset yn trochsneed 15 prosint minder. Neffens de hoarekaminsken leit it oan de minne ekonomy en net oan de hege prizen. Fral lúkse gelegenheden en grutte bedriuwen yn de middenklasse krije minder klanten.

De klanten jouwe oan dat de hege prizen wol de oarsaak is dat se minder jild útjouwe yn kroegen en restaurants. In pilske kostet gau twa euro. Neffens klanten moatte de prizen omleech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)