Ynspraak op iepenbier ferfier

© Omrop Fryslân
De provinsje wol mear ynspraak op it iepenbier ferfier. Der binne ôfspraken makke mei ferfiersbedriuwen Arriva en Noordned en mei sân organisaasjes fan brûkers fan iepenbier ferfier.
Fêstlein wurdt wannear't de provinsje om advys freegje moat. Se dogge dat ûnder oare by de Feriening Lytse Doarpen, âlderein en in feriening fan handikapten. De sân organisaasjes krije fan de provinsje mei elkoar 14.000 euro om har wurk út te fieren.