Seip opnommen yn Jong Oranje

© Omrop Fryslân
Ferdigener Marcel Seip fan SC Hearrenfean is troch bûnscoach Pot opnommen yn de seleksje fan Jong Oranje foar it duel tsjin Moldavië.
De wedstriid dy't sneon spile wurdt, is net mear belangryk. Nederlân en Moldavië binne al útskeakele foar winst yn de groep. Nederlân stiet fjirde, Moldavië fyfde. Allinne de nûmer ien út de groep pleatst him foar de Olympyske Spullen fan Athene yn 2004. Dy striid giet tusken Wyt-Ruslân en Tsjechië.