Folksriedplachting oer sweefbaan

08 okt 2003 - 00:00

Ynwenners fan de trije noardlike provinsjes moatte har yn ien grutte folksriedplachting útsprekke oer de magneetsweefbaan. Yn de Steaten waard tiisdei in moasje fan de VVD oannommen.

De folksriedplachting moat diel útmeitsje fan it bestjoersakkoart fan de magneetsweefbaan. In moasje fan GrienLinks om de oandacht te ferlizzen nei de intercity-fariant fan de Suderseeline, helle it net yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)