Oaljeredens binne ferbean

08 okt 2003 - 00:00

Ids Postma kin syn oaljeredens wer opbergje. De skiedsrjochterskommisje fan de ynternasjonale reedridersuny hat tiisdei besletten dat de oaljeredens net by wedstriden brûkt wurde meie. Ek de KNSB is ta dy konklúzje kommen.

Ut de izers fan de redens dript oalje, wêrtroch it glydzjen better gean moat. De Dearsumer hat de ôfrûne moannen proefriden mei de spesjale redens. Hy makket meikoarten bekend oft de nije redens yndied rapper binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)