Staking iepenbier ferfier

07 okt 2003 - 00:00

In grut part fan it iepenbier ferfier yn Fryslân sil sneon plat lizze. It fakbûn FNV organisearret in estafette staking tsjin de besunigingsplannen fan it kabinet. Yn Ljouwert wurdt sneon tusken 07.00 en 14.00 oere staakt.

Allinnich FNV-leden dogge mei. Der ride dus noch wol in pear bussen. Dochs advisearret Ljouwerter aksjelieder Spoelstra minsken sneon net mei de bus te reizgjen. Ek op it spoar wurdt staakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)