Slob: 'noed oer Noarden'

07 okt 2003 - 00:00

De trije noardlike provinsjes moatte ek nei 2006 rekkenje kinne op jild fan it ryk. Dat fynt Twadde-Keamerlid Slob fan de ChristenUnie. Hy stelt dat fan 'e wike oan de oarder by de begrutting fan Ekonomyske Saken.

Slob hat noed oer de takomst fan it regionaal belied. Lêsten waard bekend dat it kabinet inkeld sterkere regio's lykas de Rânestêd stypje wol mei ynvestearrings. De achterstân yn it Noarden soe sa noch grutter wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)