Autobrêge Flylân kromlutsen

© Omrop Fryslân
De nije autobrêge fan Flylân komt in jier letter as pland. De brêge wie al hielendal klear, mar it bedriuw yn Seelân dêr't er boud is, waard troffen troch brân. De brêge is dêrby kromlutsen. De autobrêge op Flylan is nedich om auto's op en fan de fearboat te krijen.
Ek al komt de brêge letter, oar wurk oan 'e daam giet wol troch. It giet om it lizzen fan elektryske liedings en nije bestrjitting.