Wetterpeil Keningsdjip fêststeld

© Omrop Fryslân
Boeren en natuerorganisaasjes binne it iens wurden oer it wetterpeil foar it Keningsdjip. De Stjoergroep ROM Súdeast-Fryslân hat lang dwaande west om it wetterpeil foar it gebiet fêst te stellen, mar se waarden it net iens. Boeren wolle leech wetter en foar de natuer is heech wetter wer better.
Deputearre Baas is as foarsitter fan de stjoergroep frege te bemiddeljen. Der leit no in akkoart dêr't alle partijen tefreden mei binne, seit Baas.