Koart pleit oer radio-ûntfangst

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân wol fia de rjochter in bettere radio-ûntfangst ôftwinge. De omrop spant of in koart pleit oan tsjin it Agentschap Telecom of stapt nei de bestjoersrjochter yn Rotterdam. Sûnt de ferdieling fan radiofrekwinsjes sit de Omrop net mear op de mêst Jirnsum, mar op Smilde en is de ûntfangst min.
De omrop spande earder ek al in koart pleit oan tsjin Agentschap Telecom. Dat is doe skorst omdat de partijen ûnderling ta in oplossing komme woene.