Gelykspul foar beloften 't Fean

07 okt 2003 - 00:00

De topper yn de beloftekompetysje fan it betelle fuotbal tusken Feyenoord en It Hearrenfean is einige yn in 1-1 gelykspul. De doelpunten foelen yn Rotterdam yn de earste helte. Paul de Lange sette Hearrenfean earst op foarsprong, dêrnei makke de Braziliaan Leonardo de gelykmakker.

De Rotterdamse ploech bliuwt koprinner yn de beloftekompetysje mei 13 út 6. Hearrenfean stiet op it tredde plak. Dêrtuskenyn stiet Ajax.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)