Underdak foar asylsikersgesin

07 okt 2003 - 00:00

In asylsikersgesin dat al sûnt de Krystdagen yn Nederlân omswalket, hat tydlik ûnderdak krige yn Drachten. It giet om in learaar út Syrië, syn frou en fjouwer bern fan 13, 11, 7 en 2 jier. Se binne útprosedearre. Se sieten yn Markelo en binne fia Nijmegen, Arnhem en Zwolle yn Fryslân bedarre.

De Yntertsjerklike Wurkgroep AZC yn Drachten hat harren foar trije nachten plak oanbean. Dêrnei moatte de Syriërs wer oars omsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)