Bûtendyks fytspaad by Gaast

© Omrop Fryslân
It fytspaad tusken Gaast en Ferwâlde komt mooglik oan de bûtenkant fan de Iselmardyk. Dat is makliker as binnendyks, om't der al in skoupaad leit. Ek is de kâns op subsydzjes grutter fanwege it toeristyske aspekt.
In fytspaad oan de bûtenkant fan 'e dyk is lykwols minder feilich foar skoalbern. Sy moatte dan twa kear in drokke wei oerstekke om op it fytspaad te kommen. Boppedat waait it mear oan 'e bûtenkant fan 'e dyk.