Banen fuort by Praktykskoalle

© Omrop Fryslân
By de fiif festigings fan PTC+, de eardere Praktykskoalle, moatte 110 fan de 372 arbeidsplakken ferdwine. Ien fan de festigings is yn Oentsjerk, dêr't benammen de rundfeehâlderijpoat sit.
Wat de konsekwinsjes binne foar de 80 minsken dy't yn Oentsjerk wurkje, wurdt yn 'e rin fan novimber bekend. In skoft lyn wie sprake fan tolve ûntslaggen, dúdlik is wol dat dat no mear wêze sil. De fakbûnen hawwe yn grutte halen ynstimd mei in sosjaal plan.