Jorritsma komt mei reedrydploech

© Omrop Fryslân
It Fryske bedriuw Jorritsma Bouw sil in maratonreedrydploech sponsorje. Foar de ploech fan Jorritsma ride de Friezen Jeroen de Vries (kopman), Martijn Kromkamp en Arjan Stroetinga.
De ploech wurdt oanfold mei Herwin Huisman en Kurt Wubben. Jorritsma stekt sawat twa ton it jier yn de ploech. Dochs wol de sponsor net fuortendaliks te folle druk op de riders lizze.