VAB Sumar fallyt

06 okt 2003 - 00:00

VAB Transport út Sumar is fallyt. Dat betsjut it ûntslach fan sa'n fjirtich meiwurkers. It bedriuw, dat wurksem is yn de wegebou, is mei yngong fan moandei sletten.

It ynstoarten fan de omset en de oername fan in oar bedriuw yn 2000 binne de oanlieding fan it fallissemint. Neffens Harm Bos fan it CNV sjocht it der min út foar VAB. Oer in trochstart wurdt dan ek noch net sprutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)