Stedswachten krije mear foech

06 okt 2003 - 00:00

Stedswachten meie meikoarten ek boetes útskriuwe. Minister Remkes hat besluten de stedswachten mear foech te jaan. Se meie tenei bekeurings jaan foar lichte oertredings, lykas bygelyks pisje op strjitte en ferkearsoertredings.

De organisaasje fan Steedswachten yn Fryslân hat al rekken hâlden mei de nije taak. De stedswachten moatte noch wol in ynstruksjekursus krije, seit direkteur Sita Brandsma fan de Stedswacht Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)