Miljoene-oarder Fryske bedriuwen
Landustrie yn Snits en Hubert yn Starum hawwe in miljoene-oarder ynhelle. De twa Fryske bedriuwen bouwe foar in nije wettersuveringsinstallaasje yn Amsterdam-West foar- en neibesinkrûmers. Dy helje de smoargens út it rioelwetter.
De suveringsynstallaasje yn Amsterdam-West is de op ien nei grutste fan Nederlân. De totale oarder giet dan ek om rûchwei 3,2 miljoen euro.