Gjin fergoeding foar Van Booma

05 okt 2003 - 00:00

It kolleezje fan b. en w. fan Menameradiel wol gjin skeafergoeding betelje oan eigner Ron van Booma fan rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam. Van Booma easke in skeafergoeding, omdat der gjin steankaravans op it kompleks stean meie.

Neffens de gemeente stiet it bestemmingsplan gjin steankaravans ta. Boppedat soe Van Booma syn fersyk om skeafergoeding net ûnderboud hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)