Flyers ûnderút tsjin Amsterdam

05 okt 2003 - 00:00

De Formido Flyers wiene sneontejûn in maatsje te lyts foar Amsterdam. Op Thialf wûn Amsterdam mei 4-11. De perioadestannen wiene 1-6, 1-1 en 2-4. De Feanster doelpunten waarden makke troch Jamie Visser (twa kear), John Versteeg en de fan Tilburch oerkommen Don Nichols.

Freed diene de Flyers it better, want doe waard mei 5-0 oertsjoegjend wûn fan Tilburch. Oankommende sneon komt Geleen op besite yn Thialf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)