Tafaller foar Opsterlân

© Omrop Fryslân
It wer befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal falt nei alle gedachten folle goedkeaper út as earder tocht waard. De besparring kin oprinne oant wol tritich persint, sa makke wethâlder Hoen fan de gemeente Opsterlân sneon bekend.
De kosten fan it wer befarber meitsjen waarden ynearsten rûsd op tolve miljoen euro. Ein dizze moanne ferskynt in rapport dêr't yn stiet wat it krekt kostje sil.