Alders wolkom yn diskoteek

© Omrop Fryslân
Dit wykein is it nasjonaal diskoteke- wykein. Gewoanwei is in diskoteek allinnich it terrein fan jongeren. Mar dit wykein krije âlders en oare nijsgjirrigen ek ris de kâns te sjen hoe't it der yn in disko om en ta giet.
Hoe liket it mei de feiligens nei de ramp yn Volendam en hoe wurdt omgien mei drugs, binne fragen dy't steld wurde. Sa besiket it hoarekabûn it imago fan de disko te ferbetterjen.