Man ferstoarn oan ferwûnings

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige man út Hoarnstersweach is freed ferstoarn oan de ferwûnings dy't er moandei oprûn by in slim ûngelok yn syn wenplak.
De man wie op de Leijwei mei syn heit oan it wurk oan in kross-auto. Sy hiene de auto oansleept en woene de motor kontrolearje om't dy net goed draaide. De beide manlju waarden oanriden troch in 32-jierrige ynwenner fan Jubbegea en rekken swier ferwûne. De soan ferstoar dus freed oan syn ferwûnings.