Pover Cambuur wer ôfstraft

04 okt 2003 - 00:00

Cambuur is der freed wer net yn slagge de negative spiraal om te bûgjen. Yn Venlo waard kânsleas mei 4-0 fan VVV ferlern. Beide ploegen spilen mei in soad ynfallers, mar dochs wie VVV oppermachtich.

Cambuur is hurd op syk nei fersterking. De jonge ploech yn opbou hinget noch as los sân oan elkoar en it selsfertrouwen wurdt mei de dei minder. Neffens trainer Dick de Boer sjit Cambuur op dit stuit op alle fronten tekoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)