Grutte beammeferkeap

03 okt 2003 - 00:00

Foar in 'prikje' gienen se freed de doar út. Albertus van der Kaap hie aparte hannel yn Blesdike. Mar leafst 70.000 beammen wienen foar op syn heechst 10 euro te keap. It oanbod wie der fanwegen in fallissemint. De nije eigner hat oare plannen mei de grûn.

Partikulieren en hannelers kamen op de ferkeap ôf. Fanwegen de droechte litte se de beammen noch yn de grûn stean. De ferkeap is ek sneon noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)