Opstekker foar Bijlsma

© Omrop Fryslân
Skipswerf Bijlsma fan De Lemmer hat in Europeeske subsydzje fan 850.000 euro krigen. Dat jild is foar de bou fan in miljeufreonlike gastanker. De lading wurdt dêrby brûkt as brânstof en der wurde minder skealike stoffen útstjitten. It skip is in wrâldprimeur.
Earder dit jier moast Bijlsma de werf yn Warten slute en ek it bedriuw op De Lemmer stie faai. Mei dit skip hopet de skipswerf út de lytse loege te kommen.