Patershuys wordt opknapt

© Omrop Fryslân
It monumintale Patershuys yn Ljouwert wurdt restaurearre. Yn it gebou oan de Bagijnestrjitte komme apparteminten en detailhannel. It Patershuys stiet al jierren leech en is mei de tiid hieltyd boufalliger wurden.
Eigner Boomsma hie in pear jier lyn grutte plannen foar it gebou. Hy woe dêr it Friesland Avontuur begjinne, mar krige net genôch jild by elkoar. Dat plan hat er noch wol, mar op in lytsere skaal.