Fjildmûs 'stekt Waadsee oer'

© Omrop Fryslân
De fjildmûs hat de oerstek fan 'e fêstewâl nei Skiermûntseach makke. Op it eilân wie it bistke noch nea earder te sjen, mar no is der ien fongen by de Koaipleats.
Nei alle gedachten is de fjildmûs meireizge mei in weide strie of hea. Op deselde wize bedarre de hûsspitsmûs op it eilân. Dêrnjonken komt ek de bosmûs noch foar op it eilân. Dêr is dus no in tredde mûssoart bykaam. It bistje is nei ûndersyk wer frijlitten.