Poiesz nimt 4 Golff-winkels oer

03 okt 2003 - 00:00

De Poiesz-keten nimt fjouwer Golff-supermerken oer en komt dêrmei op fjirtich festigings. It giet om de winkels yn Akkrum, Koudum, Balk en Drylts dy't yn hannen wiene fan de famylje De Vries. Op 13 oktober gean se ticht om in wike letter as Poiesz wer iepen te gean.

De meiwurkers geane allegear mei oer. Poiesz hat no mei-inoar 2500 wurknimmers en is dêrmei ien fan de gruttere wurknimmers yn 'e provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)