Skoalbern moatte 12 km omfytse

03 okt 2003 - 00:00

Skoalbern út Achtkarspelen moatte op it heden alle dagen 12 kilometer omfytse om yn Drachten te kommen. Dat hat te krijen mei de rekonstruksje fan de Betonwei by de Harkema en Boelensloane. Bern út Koatstertille, Droegeham en De Harkema dy't der stiekem wol delfytse, kinne in bekeuring krije.

Wethâlder Van der Veen sil mei de provinsje om 'e tafel oer it probleem. De provinsje is de behearder fan 'e Betonwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)