Ton foar breedbân yn Opsterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân lûkt sa'n 100.000 euro gemeentejild út om de bewenners fan de lytsere doarpen tagong te jaan ta fluch ynternet fia breedbân. Elk doarp dat meidwaan wol, krijt 6450 euro subsydzje foar oanlis fan fasiliteiten.
Mei de stipe foar it projekt, dat opset is troch partikulieren, hopet de gemeente in isolemint foar te kommen. Neffens wethâlder Klaas de Boer hat in proefprojekt yn Sigerswâld sjen litten dat de belangstelling tige grut is.