'Sprieding sikehûzen bart al'

02 okt 2003 - 00:00

It rapport fan de Rie foar Folkssûnens oangeande de sprieding fan sikehûzen, sil foarearst gjin ynfjoed ha op de situaasje yn Fryslân. Dat ferwachtet alteast Klaas Schuurman, foarsitter fan de feriening fan Fryske sikehûzen.

Neffens Schuurman komt it rapport der op del dat der mear sjoen wurdt wat de pasjint wol, en dat binne lytsere sikehûzen ticht by hûs. Dat is krekt wêr't de Fryske sikehûssoarch ek hinne wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)