Te folle karavans yn Abbingapark

© Omrop Fryslân
Kermiseksploitanten yn it Abbingapark yn Ljouwert wenje nei feilich. It terrein jout offisjeel plak oan 35 steankaravans, mar troch oerbefolking steane der mear. Neffens de brânwacht is dat net feilich. It kolleezje fan Ljouwert wol dêrom seis ekstra plakken oanlizze. Dat moat 250.000 euro kostje.
Gijs Jacobse fan de NLP is it der net mei iens en fynt it net korrekt om yn tiid fan besunigingen kermiseksploitanten te subsidiearjen.